Topverkopers in Bornwird
Leerlingen van basisschool Bernewird te Bornwird kunnen er wat van!
De learlingen fan groep 8 ferkochten gemiddeld foar mear as 400 euro, sa hat de stifting Kinderpostzegels Nederland bekend makke. De 24 bêst ferkeapjende skoallen fan Nederlân ha woansdei in skoalreiske oanbean krigen yn attraksjepark Duinrell yn Wassenaar. De topferkeapers wiene allinnich al goed foar in opbringst fan 110.000 euro. Oan de postsegelaksje dogge alle jierren sa'n 160.000 bern mei.
Bron:
http://www.omropfryslan.nl/nijs/710654-boarnwerter-bern-binne-topferkeapers-bernepostsegels